MEITINKE EN – WURKJE OAN KAFEE DE ZWARTE AREND?
Bêste Doarpsgenoaten,
Sa as jimme witte stiet de Zwarte Arend te keap en de ferkeap rint net hurd. It liket ús goed dat it kafee bestean bliuwt foar it doarp. Dêrom wolle wy ûndersikje of it doarp dat sels oppakke kin. Wy wolle dat ris trochprate mei minsken dy’t meitinke en – wurkje wolle. It giet derom om mei syn allen te sjen wat mooglik is en wat it doarp sels organisearje kin. Wy noegje gemeente, Doarpswurk en Streekwurk ek út, dy wurkje faker mei dit soart projekten. Dus asto it ynteressant fynst en do wolst mei oanpakke, dan sjogge we dy graach op 8 desimber om 19.30 oere yn de Wynroas te Peazens – Moddergat.
Groetnis,
Sietse Visser, Bert Overzet, Durk Slager, Albert Formsma
Ps: de konsumpsjes bin foar eigen rekkening en we freegje fan jimme in bydrage yn de ûnkosten fan de jûn. Dus graach in pear euro’s meinimme.